Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Los selsportret

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ary Scheffer*

Image

Se neamden him in wûnderbern
dat op in snein de kleuren seach
fan heit en mem har skilderslibben:
foar syn eigen foarmen hied er each,
’t portret wie dat wol oan te sjen.

Hy joech himsels mei iepen moed
in ljochtstream dy’t diagonaal
syn jonge gong troch ’t libben sketste;
losse toetsen brochten syn ferhaal
oan ’t ljocht, sa hat er ’t doek beroerd.

Syn gong wie nei de stêd fan ’t ljocht
foar rom om mannich los portret,
sa waard er skilder fan de sielen;
letter hat er him ta drama’s set,
wat swierte yn syn streken brocht.

* Arie Scheffer (1795-1858)
seach it libbensljocht
yn in keunstsinnich fermidden:
syn âlden skilderen beide.
Yn 1811 emigrearre er nei Parys,
dêr’t er ferneamde keunstners
portrettearre, û.o. de skriuwers
Dickens en Toergenjew.
Goethe neamde Scheffer
de skilder fan sielen.

admin

Breidsportret

Keunst
PDF Print E-mail
fan Anthony Oberman*

Sy hie as baas in Van der Hoop,
in rikenien, fan skilderijen
kriich er nea genôch,
mar like leaf seach hy de loop
fan hynst en merje as in pear,
fan Rembrandt mocht er ’t ek wol lije.

Image

Syn merje wied er net mei klear,
as breid woe sy noch foar it frijen
op ’t portret, it leafst
mei ’t reade haadstel foar it ear,
it gouden kleed, de rôze roas
op rêch en sturt mocht sy wol lije.

Har baas joech doe oan Oberman
de opdracht om in byld te meitsjen
krekt sa en net oars,
wylst seach it breidsje nei har man
om al wat yn de sfear te reitsjen.

Image

* Anthony Oberman (1781-1845)
krige de opdracht fan keunstsamler
en hynsteleafhawwer Adriaan van der Hoop
om in skilderij te meitsjen fan ien fan syn merjes.
It skilderij ‘In hynder foar de stâl’
is in foarbyld fan de klassisistyske styl.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum