Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skieden

Bibelbylden
Skieden PDF Print E-mail
fan Albrecht Dürer*

Image

Noch steane sy yn ’t neaken,
sa te sjen kin ’t bêst wol lije,
kreas yn ’t fel en lang fan hier,
de omkear is lykwols net fier,
dat skamteblêd is al in teken.

‘Ik sis dit wier net foar de grap,
’t is foar jim bêstwil, nim in hap.’

De eagen binne rjochte
op wat oars as op ’t ferbeane,
dat it kin wol út it sicht,
de frucht fielt foar syn fieding licht,
mar bringt de omkear wol it ljochte?

‘Jawis, ’t ferljochtet klear jim brein
en dêr is alles wol mei sein.’

De linkerhannen fiede
wat de rjochter eins net wolle,
mar gjin finger hâldt it tsjin,
foar beide jout it gjin gewin,
sy binne foar de takomst skieden.

* Albrecht Dürer (1471-1528)
Skilderij ‘Adam en Eva’

admin

Folsleine steat

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Wiligelmo*
fan Michelangelo**
Image
Droegen troch twa ingels
yn syn eigen hege steat
hie God it minskkonsept al klear
en út it stof, as wie it neat,
syn geast derby nei mear en mear
kaam hy oerein, de minskeman.Image

Slop noch fan syn skepping
sakke hy yn leger steat,
al rikkend nei Gods fingersein;
de alderearste, blinkend bleat,
mei ’t spul deroan sawat folslein,
stie op himsels as minskeman.

Mar wer lizze moast de
minskeman, yn heale steat
en bûtenspul foar nij bestean,
de rjochterside iepenteard
foar ien om mei him op te gean:
‘Oerein, ik bin dyn minskefrou!’

Image

* Wiligelmo
Utbylding yn moarmer
‘Ferhalen út Genesis’ (1099-1106)
yn de katedraal fan Modena

** Michelangelo (1475-1565)
Fresko ‘Detail yn de Sikstynske kapel’