Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Reidtekje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hy leit it deade winterreid,
de risping fan ferline jier,
dêr’t hy as snijer goed fan seit:
‘It wie in fries- en iiskâld feit,
ik wurke op ‘e glêde flier.’

Image

In skeane flier is ’t wurkterrein
dêr’t hy it sniene reid op leit
oer ’t lange, wit hoe âlde ein,
mar dêr is ’t lêste net mei sein:
‘Ik stryk it glêd, sa’n tek fan reid.’

Wannear’t de dei glydt nei de jûn,
dan is de ein sawat in feit
en sjocht er speurend yn it rûn
oant hy it ark en oanhâld fûn
hat yn de faam dy’t him wol leit.

Image

admin

Leechte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It moarnsljocht socht har lege stoel
en skampte oer de tafel hinne,
want se soe wol efkes rinne,
mar it hie gjin inkeld doel.

It spul hie hjir it doel ferlern,
stie klear om fierderop te libjen,
’t is teminsten noch it stribjen,
mar ’t wie net om oan te sjen.

De frachtwein koe it amper yn,
hoewol’t se jierren al allinne
wie, net folle mear te winnen,
want se rekke stadich blyn.

Image

It jûnsread sil syn bêst noch dwaan
om efkes by har yn te skinen,
sil de bline leechte fine,
dêr’t gjin ljocht mear is te jaan.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum