Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Teater 2013

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail

Image

It ljocht koe harren net berikke,
swarte fûgels fan it âlde jier,
dy’t yn  de gaos fan de tûken
har fermakken, moarns al ier
yn ’t tsjuster spoeken.

Ik spile mei har troch te flitsen,
dat massaal gie ’t ta op ’t loftballet
en yn it koar fan tûzen stimmen
ha se my op hichte set,
ik moast wol klimme.

Sa klom ik spyljend op ’t teater,
want it wie op ’t lêst it nije jier
mei yn de gaos fan de foarmen
toptoaniel foar ús plezier
yn tal fan stoarmen.

Image

admin

Trochrinnende tiid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It hat net wêze mochten,
al wie ’t mar foar de helte
mei allinnich snie
lykas in peal dy’t stiet
ferdûbeld troch it wiet,
de boaten yn de wintersliep
en fierderop de skiep,
dêrachter klear de kym,
in wite tiid op rym.

It wie oars neat as dize,
totaal in lytse ierde,
alles yn swart-wyt,
de peallen en de roef,
o ja, ek noch it griis
fan wetter, beammen en de pleats,
de polderdyk rûn dea,
gjin rym op hoarizon,
de tiid rûn inkeld troch.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum