Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kleurjend wyt

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wyt krijt elk yn de besnijing,
kleuret fluch it Fryske moed
yn allerhande tinten,
swart as roet en read as bloed,
it jout yn elk gefal fernijing.

Strielet wyt ek yn de nachten,
dan leit froast de marren ticht
en ek al falle beammen,
Friezen fiele dan as plicht
te bûgen foar iishurde machten.

Yn dyselde winterdagen
kleuret wyt in oare wrâld
mei allerhande tinten
troch it winnen fan it sâlt
yn simmerwaarmte, swier te dragen.

Image

admin

Sicht op groei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De tiden troch is ’t dien:
de swakken yn de ûnderwâl,
it gie net gau te mâl,
se binne fan har woartels snien.

Image

Lykas de beammen dy’t
it oansjen misse: út balâns
foar wer in kreaze kâns
yn ljocht dat oan de himel stiet.

Lykas in peal sa rjocht
dy’t boppe wetter stiet, is ’t wier
dat yn it iepenbier
de swakke stiet yn ’t selde ljocht.

En keart de tiid troch sicht
op groei foar elk dy’t boppe komt,
dan wurdt de seage stom
en docht de grûn syn hâldersplicht.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum