Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It kin beide

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hy wie net goed, woe de gemeente ha,
hie twa fersliten bonken,
altyd pine yn de lea,
it moast faaks op it slimste ta:
in razend rappe dea,
hoewol’t protesten klonken.

Image

Sjedêr wat der noch oer is,
wis op jierren, mar net sa!

Syn bêste jierren hie de âlde hân,
guon bonken wiene sliten,
dêrtroch waard er wakker wurch;
de diagnoaze kaam ta stân,
dêrnei ek de sjirurch,
dy’t hong om troch te biten.

Image

Hy tinkt dat it no oer is,
wol op jierren, mar no sa!

admin

Trochseagje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It libben is de maatskippij
sa’t beammen sizze kinne
sûnder wurden, deadlik nij
foar ’t folk om sicht te winnen.

Is sa te sjen ferfal it lot
fan ’t libben, net te kearen?
De natuer of kriget God
foar syn ferrin de eare?

Se binne beide by elkoar:
it lot fan stadich brekken,
lizzend heakket ta de oar
de macht om ta te stekken.

Se stekke troch, ek hjoeddedei,
trochtrape dy globalen,
wrâldwiid giet de oerheid mei,
lûkt foar it ûnrjocht walen.

Foar boargers bliuwt ien middel oer:
de alderskerpste seage,
stek dan ta, al is ’t in toer,
en seagje troch dy pleagen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum