Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Moarnsljocht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat by de berte bylket, leit net fêst,
it bern hat noch in lange wei te gean
fan ’t glimkjen yn de moarntiid
oant it tsjuster fan de jûn,
sa is de gong fan it bestean.

Image

Wat yn de moarntiid bylke, joech de lêst
al oan fan troch de oeren nei de jûn,
mar ’t glimkjen fan de sinne
tilde peallen boppe ’t wiet
as hie it ljocht de slach al wûn.

De himeltekens wiisden net op rêst
en loeken út it suden wolken oan,
dy’t wâlen boppe ’t sulver,
dêr’t it swart oerhinne sloech,
foarsizzing fan de iere moarn.

Image

Wat by de berte bylket, leit net fêst,
it bern kin stean en mei syn wei noch gean.

admin

Dyn moarn

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Dreech is meastal it begjin
as dize noch ferburgen hâldt
wat yn de takomst kin.

Stadich riist it foar dy op
yn rôze wolken mannichfâld,
wat fiert dy nei de top.

Sulver blinkt tsjin donkerblau
en nimt dy yn syn streaming mei,
dêr fljochst, faaks noch te gau.

Efkes noch, dêr bist, dyn moarn,
brekst troch nei ’t midden fan de dei
mei al de strielekroan.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum