Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Studint op see

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Grutsk sit er op ‘e râne,
fisker fan de iere moarn
mei heech it lege krop,
want as in sljochte pubersoan
is hy studint yn dizze sône.

’t Begjinkolleezje dûke
gie him al net maklik ôf,
dus kriich er op ‘e kop
fan heit, in sesje bûnt en blau,
sadat syn slach en siken stûken.

Doe kaam ’t kolleezje rikke
fan professor Swart, in frou,
en springe nei de top
fan fisken, fleanend boppe ’t blau;
dat slagge bêst, de soan koe bikke.

Image

admin

Kleurjend wyt

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wyt krijt elk yn de besnijing,
kleuret fluch it Fryske moed
yn allerhande tinten,
swart as roet en read as bloed,
it jout yn elk gefal fernijing.

Strielet wyt ek yn de nachten,
dan leit froast de marren ticht
en ek al falle beammen,
Friezen fiele dan as plicht
te bûgen foar iishurde machten.

Yn dyselde winterdagen
kleuret wyt in oare wrâld
mei allerhande tinten
troch it winnen fan it sâlt
yn simmerwaarmte, swier te dragen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum