Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Iiskoarken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It is maart
en yn it Simmerrak,
noch iepen, driuwe koarken,
elk syn eigen plak,
dochs lyk fan aard.

’t Hat wol wat
mei angels op ‘e kaai,
mar sûnder fangtoeristen,
út it striidfjild wei,
de fisk ta spot.

Stjerrend wier
en kâld, se steane wiis
te praten oer de koarken:
byt… it boltsje iis
is foar de sier.

Image

admin

Op stelten

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se kleurje altyd grien fan boppen
yn de waarmte fan ’t klimaat
dêr’t minsken brún fan wurde,
drinkend yn it koele skaad,
drok yn petear mei hjitte koppen.

Heech steane se op grize stelten
yn it lije sâlte wiet,
it minskdom imitearjend,
dat it leafst op stelten stiet,
in hekel hat oan de bedelte.

Hjoed skaaie tûken nei it wite
yn de kjeld fan ús klimaat
dêr’t minsken hjit fan wurde
mei har alvestêdepraat…
dit fjoer lit moarn it iis wer slite.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum