Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fabius Maximus

Mytebylden

fan ûnbekend*



Doe’t Hannibal mei oaljefanten
oer de rûge Alpen teach,
seach Rome dat mei ôfgriis oan,
de fraach wie: wapens of gesanten?

Earst wie it antwud om te striden,
mei it leger ’t noarden yn,
want Hannibal moast fan de troan,
it draaide út op oare tiden.

De nederlaach koe sprekken lije:
Fabius brocht hoeden yn,
’t kaam op foarsichtich fjochtsjen oan,
dan soe men Hannibal wol krije.

Foar Rome doogde ’t fan gjin kanten
kaam úteinlik as krityk,
dat Fabius moast fan de troan,
mar dy hold fêst oan syn gesanten.

Konstant teach Fabius troch ’t libben:
hoeden, trou oan syn gelyk,
dochs is hy sûnder eare stoarn,
hoewol’t er nei it lykwicht stribbe.

* Byld ‘Quintus Fabius Maximus’

 

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum