Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Us dochter

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
snein, 3 july 2005

Se wie noch jong, in jier as acht,

doe hie se al de fokkeskoat

yn hannen, mar net yn de macht
noch alle kneepkes fan it skip,

dat troch de tiid en wedstriid gie
as stive âldemanneboat,
ynienen lykwols, fluch en hip,

troch har betsjoend oer ’t wetter skeat,
al moast se nedich ûnderweis

en joech se soms har bangens bleat

by boeien mei in boat as seis
derom, by ’t razen fan protest
en ’t flokken, heger as de mêst.

Se is no grut, folwoeksen al,

ús dochter, grutter noch as my,
en stekke wy fol striid fan wâl,
dan giet gjin kneep oan har foarby,
want ’t skip rint op har fokkeskoat
troch waar en wyn de weagen oer,
noch hurder as doe mei acht jier:
se sit yn lij en hinget fier

mei swiere twirren bûtenboard
fan boei nei boei, dan nei de toer,

dêr’t op ‘e finish klinkt it lûd

dat wy ferwachtsje en as heit
sjoch ik mei grutskens nei ús bloed.

 

Image

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum