Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Twa mantsjes

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se binne kunde fan elkoar,
it stedske en it doarpske mantsje
en steane heger as in oar,
bewege byldzjend foar de eagen
fan wa’t har sjen wol as ikoan:
de goaden dy’t as fûgels fleagen,
op reis fan doe nei hjoed en moarn,
mar hjoed de dei… se binne klommen
as mantsjes fan Olympus
op stielen poat om hiel gewoan
it fleanend folk derop te wizen
dat stadichoan dwaan hat in plus,
mar hiel opmerklik tusken beide
ferskilt it tempo en de toan:
de stêd rint nei it park, ferrizend
as byld fan it natuerlik grien…

Image

… it doarp sit drok bewegend, wizend
nei wat de stêd beslacht mei stien.

Image

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum