Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stielen hjerst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De hichte lit noch simmer sjen,
it blau fan mar en loft,
omliste mei it stiel en giel
fan útsichttoer, dêr’t men
yn alle tiden fan it jier
it hege libben fielt.

Image

De lânkant út ‘e hichte wei,
mei beamteguod en reid,
lit sjen dat oer de lichte strykt
de hjerst, dy’t dêrop leit
de dize, dêr’t de kleur foar wykt,
in stielglâns as flewiel.

Image

De lichte jout it echte byld,
it blau wjerspegelt noch
deselde beammen, mar net myld
fan maitiidsgrien; mei stiel
beslacht de hjerst no beam foar beam,
dat men de wierheid fielt.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum