Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skrieljagers

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Rinnend fluitsje ik oer ’t gea
de wize fan de simmermoarn,
my net bewust fan watfoar kwea
fersterkje ik de heechste toan
as freon fan ienheid yn natoer
ha stap en lûd deselde klam
as stam en krûd, fan koarte doer
lykwols, ynienen stean ik stram,
want blykber bin ik grinzen oer,
fan goede freon nei fijân gien,
ik sjoch en hear: se binne poer
en sjitte skriemend út it grien,
as skimen tsjin de blauwe loft
bestoke se mei wjuk en kiel
my oant ik trochrin, nei in skoft
besakje lûd en flecht, ik fiel
my freon wer, fluitsje ’t selde liet
as hikkeskries mei hert en siel
oer ’t gea twastimmich grieto-griet.

Image

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum