Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rook

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik snúf de rook fan wetter op
en reitsje yn de ban
fan lege fierten, hegerop
dat komt der dan net fan.

Image

De rook fan kamperfoelje fiert
my mei op wjukken fan
de bij dy’t folle heger giet
as finzen yn de ban.

Image

Mar as de boer de sleatten slat,
dan bloeit der noch ien blom
en rûkt de drek as rook sawat,
kom dêr dan mar ris om.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum