Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rekreaasjeskiep

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se woene wolris yn it suden sjen,
de skiep út noardlike kontreien,
se wiene fan de sinne fan,
de poalnacht wie har lijen.

Se kamen op ’t gebiet fan RCN,
de Potten mochten se wol lije,
se bearden mei deselde stim
oer wat hjir wie te krijen.

In skaftkeet as har nachtlik ûnderdak,
de raam socht ’t alderbêste sliepstee,
hy fûn it in bysûnder plak
en alle trettjin skiep ree.

Image

’t Menu wie oars as oars, mar net ferkeard,
’t bestie út twa, soms trije gongen:
grien gers en wetter út ‘e sleat
en foer dat tige donge.

Dat foer wie bôle fan de bermtoerist,
dy’t sels de búk al mear as fol hie,
gjin bist dy’t de gefolgen wist:
in skieppebúk dy’t bol stiet.

De gasten rekken oan de skiterij,
de greide krige frjemde hichten
en stonk de Potten fier foarby,
dêr’t elkenien foar swichte.

Behalve dan de husky fan de poal,
tafallich ek dêr op fakânsje,
it like wol in skieppeboal,
dêr wie ’t lykwols wizânsje.

Hy jage alle gasten troch de sleat
en fierder nei de poalske fjilden,
de Potten foel dêrby yn ’t neat,
dêr’t skiep har blastich fielden.

No hinget dêr in buordjse yn de loft,
wylst sy al yn de himel binne,
de hûnen hawwe no skiepskoft
fan ’t stjonken fan foarhinne.

Image

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum