Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nea wer…

Lyrysk Deiboek


Dêr stiet er heech en dreech,
de swarte fûgel fan de dea,
syn snaffel stekt er fier foarút,
de wjukken binne al wer drûch,
mar wat er opdûkt hat, bringt skea.

’t Is net de glêde iel
dy’t troch syn strôte gliden is,
hy liet dat bist der net wer út;
de iel hie fretten út ’e drek,
sadwaande gie it dêrnei mis.

It gie fan drek nei iel
en fierder nei de ielgoes ta,
dy’t oerbrocht wat er opdien hie,
klapwjukjend nei ferkear en kroech,
gjinien woe sa it firus ha.

Dêr stiet er heech en dreech,
de fûgel dy’t de swarte dea
foar eagen bringt, de pest dy’t gie
de wrâld oer, nea rûn it sa gek
as doe… mar wat wol sizze nea?



Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum