Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kop derby

Lyrysk Deiboek

De kop der noch net by
nei’t dûken nei de iel,
dy’t him te glêd ôf wie…
trochwiet waard doe syn diel.

De wjukken breedwei út
fanwege minder fet,
de wyn dy’t dêrfoar stiet,
nimt drûchte mei út súd.

De spegel skaait nei flak,
sa komt er goed yn byld,
noch altyd sûnder kop,
dy’t mei it krop ompielt.

Wa komt dêr foar it ljocht
nei ek in djippe dûk?
Hat dy in heger krop
as wêr’t hysels om socht?

De kop derby, omheech
de snaffel, wiid de kiel,
hy is al út ’e rie:
sa wurdt de iel syn diel.

Related Posts