Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It wite skuontsje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It stie dêr samar op ‘e stoepe,
it skuontsje fan sân sintimeter lang,
ferlern en sûnder bern dat slûpend
beweging yn ’t rochtoppe libben kriget,
sa hoeden noch de earste stapkes, bang
om fuort te sakjen yn de swarte naad,
dy’t tûzenfâldich him bedriget
en sjoch, dêr stie it skuontsje, dat syn skaad
in streek fan sân nei foaren krûpe liet.

Image

Wat stiet der letter op ‘e stoepe,
as ’t lichem útgroeit nei twa meter ta
en ’t libben panderet op te grutte foet,
wylst rûpen út ‘e naden krûpe,
mar sjoch, as stalferwikseling dan sa
de flinter fjouwer wjukken spriede lit,
dan fljocht der oer de midlife-stoepe,
op sânmylslearzens tusken wurk en wolk
de minske, woeksen út it skaad, en dy’t
noch altyd fan dat wite skuontsje wit.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum