Willem Tjerkstra’s thússide
admin

In memoriam

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De lêste snein fan ’t tsjerklik jier
ryd ik nei Itens om te tinken
oan har dy’t wei en fleanend fier
fuort binne, lykas stjerren blinke,
de spegels fan ús skrinend byld
dat wy noch skerp foar eagen krije,
yn Itens wurdt de stilte dield
en dêryn sil syn namme klinke,
in Douwe Tamminga, besield
fan libben wurd, as heit en dichter
besong er syn ferstoarne soan,
it In memoriam, in lijen
dat galme mei de tsjerkeklok,
dy’t foar syn mem en heit in sein,
in moanrop wurde soe fan syn ferstjerren…
it klokkelûd sil oer de buorren liede,
in roulet al den dei om dit ferlies…
yn Itens wie de stilte hjoed te hearren,
it jier foarby, de lêste snein…

Image

… slaan ik de wei yn fan Tsjalhuzum,
beton yn blokken, oan de ein
de klokketoer en boerehuzing,
fan naald oant skuorredoar tenein,
ferbyldzjend wat sa stadich sakket,
úteinlik weiwurdt yn de grûn
allyk de minske, sûnder oantins
as inkeld noch de stien, ferbûn
mei namme, bertedei en deagrins
en dêr, ik sjoch de trije nammen
fan beide âlden en har soan,
gjin tweintich wurden, net ûntflamme
noch ta in libben oant de jûn,
mar hark hoe’t mei it klokkegalmjen
de dichter hat it einliet fûn:
mei dan dat mylde ús liede en ús te stea
stean op ‘e reis oant foar de lêste poarte
en mei dat libben, no’t wy fierder moatte,
mear wêze as idel wachtsjen op ‘e dea.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum