Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hurdsyldei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
woansdei 10 augustus

Dit is de dei, it folk streamt ta,
de ponten bromme, brûzje, sjonge
’t mearstimmich liet en bringe sa
de sfear deryn, om oan te kommen
op hillich lân, de mar ûntwrongen.

Dit  is de dei, it fjild brûst oan,
de hoarn foar starters kin sa klinke,
it silersliet set yn, de toan
fan skippen, seilen, wyn en weagen
op wei nei boeien, dy’t har winke.

It Kolmarslân tilt op fan ’t folk,
in kleurich fjild dat yn ekstaze
beweecht, as optild nei de wolk
dy’t, los fan alle swierrichheden,
har meinimt, wylst de blazers blaze.

De mar is wyt fan seil en fok,
in blinkend byld yn alle fazen,
fan fûle striid oant stom gelok,
fan foar de wyn en yn trapeze,
fan stil geniet of flokke, raze.

It eilân, dronken as in dweil,
sjongt mei de dreunen fan ’t orkest:
Frysk bloed tsjoch op, ik sjoch gjin seil,
myn ieren bûnzje sûnder bloedtest,
it bier bekomt ús Friezen poerbêst.

Fan mar troch ’t Hearregat, de poel,
de Klok, de Puollen, troch de Sibe hinne,
de silers brûzje nei it doel,
dêr’t ieren bûnzje om te winnen,
de priis en lit it bier mar rinne.

De lêste boat, de lêste stjit
fan finishtoer op lêste flagen,
fan ’t dweilorkest de lêste hit,
it lêste bier noch yn de mage,
de moaiste dei fan alle dagen!

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum