Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hâlding

Lyrysk Deiboek

Se binne jong, noch foar in part
klaaid yn it puberfearrepak,
mar kinne al it lykwicht hâlde
mei twa poaten op dik tou,
sa boppe ’t wiet in gaadlik plak.

Hoewol’t sa’n keunstke wol wat hat,
sprekt út ’e hâlding gjin gefoel,
it bliuwt foar beide by it âlde;
pubers komme net yn tou,
ha oer de leafde noch gjin doel.

Har leafde skaait nei rôzich-read,
al is it ek ier yn de moarn,
it is har oan te sjen, sy hâlde
fan elkoar as man en frou,
mei harren is ’t al jierren oan.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum