Willem Tjerkstra’s thússide
admin

En de boer dy kraodet troch

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Opdroegen oan boer Wytse Boschma
Hy triuwt de kroade gers it asfalt oer,
it foer foar syn twa hynders en de fôle,
syn hobby, mar noch altyd is er boer
nêst eigen soan, fan mear as hûndert bisten.
In fraach as oanset, om by stil te stean,
hy set de kroade del, sjocht op, mei rôlet
wat er sizze wol it asfalt oer.

Mei trettjin oan it wurk,
no achtensechtich al,
fan iere moarn oant lette jûn,
by dizich waar en jeiend swurk,
’t wie healwei seizen fan ‘e moarn
en juster fee ferweidzje,
troch greppel en om hikke hinne,
wol kilometers rûn,
de lêste tiid wat min mei ’t rinnen,
mar beide earmen binne sûn
en sterk mei spieren dy’t
gewichten huffe kinne
troch ’t swiere boerewurk, jawis
ek winterdeis in wike by
de Weissensee op skys, doe wie ‘t
dat beide skonken glieden, wylst
de earmen my it winne lieten,
want boerewurk is sport, it giet
mar troch, omdat it wurk en hobby is.

Hy nimt de kroade op en bûcht foaroer,
it swiere wurk fan hjoed moat fierder rôlje,
mei achtensechtich bliuwt er boer,
mar beide hynders en syn iene fôle,
dy hâldt er letter foar syn hobby oer.

Image

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum