Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Demonstraasjerjocht

Lyrysk Deiboek

Brede rêgen, hurde koppen,
ja, wy komme op foar ’t rjocht
om argewaasje op te roppen,
demonstrearje is ús nocht.

Swarte Piten, net te stopjen,
nee, sy ha de spanning brocht…
om argewaasje op te kropjen?
Demonstrearje is ús rjocht.

Grutte Pieren sûnder swurden,
raam dat stek der mar foar wei
en raas as wapen rûge wurden,
fier yn ’t foar de frijheidsdei.

Sinteklazen, jimme kinne
maklik kieze út swart-wyt,
mar swart sil ’t altyd fan wyt winne,
dus lang libje Swarte Pyt!

Rjochtspraak makket mienskip mooglik,
dus wy sprekke ús hjoed út:
lang meie demonstraasjes doge
mei de mienskip as beslút.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum