Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dea

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail

De spesjalisten binne kommen
mei in trekker, bus en wein,
se ha it skerpe ark meinommen,
setten as in team útein.

Image

De beamsirurch beklom mei faasje,
linich ek, de konifear,
hy soarge foar de amputaasje
oant er alle lea ferlear.

Image

De assistinten bleauwen ûnder,
brochten byinoar de brot;
de bult waard breed en heech, bysûnder
dat in beam safolle hat.

Image

Noch ien kear kaam er wer nei boppen,
’t lêste teken fan syn wil,
de beamsirurch hat him ûnttoppe,
blokken seage, ’t waard doe stil.

Image

It stoflik omskot leit op strjitte,
wachtsjend op ‘e lêste wein;
wy sille nea ús beam ferjitte,
dêrmei is no alles sein.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum