Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De beam en de boom

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Troch woartels fêstlein yn de grûn
stiet jierren al de beam by ’t spoar
as wachter op ‘e trein fan moarns
betiid oant yn de lette jûn,
allinnich yn beweging brocht
as ’t waait en blêden mei elkoar
besykje út te rûzjen sljocht
en rjocht noch boppe ’t izerkoar
fan ratteltsjillen op ‘e rails
en ’t rinkeljen by ’t reade ljocht,
dat mannich kearen op in dei
syn kleur by ’t read fan bomen docht
yn konkurrinsje mei de beam,
dy’t yn de hjerst syn blêden fraai
ferkleurje lit, al jierren dreamt
fan stoarmige beweging mei
it read fan blêden tagelyk,
yn konkurrinsje mei de boom,
’t dilemma fan de beam gelyk
oan hjerstige natuer foaroer
de keale boom as autonoom.

Image

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum