Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Barre tiid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se binne weidûkt foar de nacht
fan kleare loft dy’t brocht de froast
mei ryp nei ’t gers dat yn de dracht
fan wite wale stiif bestoarn
gjin libbensteken mear besocht
te jaan, mar wachte op ‘e moarn
om as dekôr te tsjinjen foar
’t ferskaat oan kleuren yn it ljocht
fan kleare loft dy’t waarmte bringt,
omdat de maitiid is oan bar.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum