Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan it Spoardok

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wêr’t lân en wetter lizze
as maten nêst elkoar,
dêr kin gjinien ûntsizze
it rjocht oan ’t griene spoar.

Se ha de grûn fuortgroeven
en hege de spoarbaan,
de rails oan balken skroeve,
sa is ’t Spoardok der kaam.

De reek en stoom ferwaaiden
oer wetter sûnder rêst,
dy’t plak fûn yn de reiden,
nêst ’t karrekitenêst.

De minske anneksearre
it wetter foar syn nocht,
se swommen allegearre,
ûntseine ’t grien syn rjocht.

Doe is de wraak der kommen
mei rottemiich as gif,
fan Weil hat ien ûntnommen
it libben, faai en wif.

Der stie it lân en wetter
no neat mear yn de wei,
it grien foldie it better
en liet syn spoaren nei.

De beammen riisden boppe
strewel en reiden út,
de koekoek bleau oan ’t roppen,
in echo ta beslút.

Bewenners oan de râne
belibben alles mei
en mins en bist belânen
op ’t selde spoar dy dei.

Image

In nije anneksaasje
bedrige ’t griene dok,
in protte argewaasje,
twa suchten en in flok.

De flearmûs flechte suchtsjend
nei ’t parkje fan de hoop,
de koekoek flokte luchtsjend
it hert as misantroop.

Image

Apparteminten rize
fier boppe beammen út
en wite pylken wize
de fûgels oan as bút.

Sa slute minskehichten
it lân en wetter yn,
de spoaren yn de lichte
ferwaaie op ‘e wyn.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum