Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan ‘Fryslân fart’

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It foer de dagen troch fan west en east,
it Hollânsk ‘Frieland vaart’ yn want en mêst,
dat alle eagen oan de kant
beseagen nasjonaal it meast.

Image

De beide floaten foeren hou en trou
it hert fan Fryslân yn, de Snitser mar,
de Stânfries X naam dêr foar kar
it nasjonale read-wyt-blau.

Image

Mar sjochris, wat in skoander skou it wurdt
fan skippen rûnom wei en dêr, ferhip:
in wite boeier, ’t flaggeskip,
de pompeblêden op it swurd.

Image

Foar anker leit no ’t hiele Fryslân fart,
behalve trettjin skûtsjes foar de start,
want Fryske skippers hawwe ‘hart
voor zeilen’, wat der dan ek bart.

Image

Mar útsein ien, de Snitser Panne mist
op eigen wedstriidwetter hjoed de boat,
wylst alle stimmen op ‘e float
ienriedich roppe fan: ‘Dit is ‘t!’

Image

It brûzet oan de wyn it noarden yn
en ’t driuwket leaflik op it suden ta,
de oanhingmotor docht it sa
as ’t finishskip fret alle wyn.

Image

Want Fryslâns skûtsjeskippers hawwe hert
foar silen mei de motor nêst it roer
en is ’t sabeare striden oer,
dan wit de float de útslach net.

Image

Mar wat soe dat as skippen lizze oan
by ’t eilân, kont oan kont en kop by kop,
sa fart ús Fryslân no foar top
en yn de fierte klinkt in toan…

Image

In knal, in fjoerpylk, ’t lûd fan in gitaar,
it sketteret fier, sels troch de Sibesleat
en wurdt troch ’t Hearregat net keard,
it eilân beart oer tongerwaar.

Image

It fjoer jout lykwols net de lêste slach,
it wetteroargel spilet spuitsjend wiet
wa’t fjurrich oer syn toeren giet,
dus swingt de starttoer mei ferdrach.

Image

Dan komt de klimaks fan it hiele spul:
de Fryske dwerch en ‘Hollands glorie’, stiif
en leaflik lizzend liif oan liif,
konsepsje sûnder flauwe kul.

Image

Sa hâldt ús ‘Frieland vaart’ himsels yn stân:
de berte fan in fjouwerling, fan noard
en súd, fan west en east, de float
fan ’t Fryske: ‘Far wol Nederlân!’

Image

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum