Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan de Heidenskipster bern

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Achter santjin hikken
yn twatûzenseis
is ’t Heidenskipster bern
nei eartiids ûnderweis.

Achter santjin hikken
stie twa ieuwen lyn
de skoalle yn it lân
fan alle waar en wyn.

Image

Bern fan boer en skipper
dreunden ’t a-b-c
en telden op ‘e hân
de fingers, altyd ree.

Fingers yn de hichte,
fingers op it laai,
fiif fingers foar de klap,
it gie der rûch om wei.

Wjerljocht sloech de lichte,
tonger dreunde oer
de skoalle yn it lân
fan skipper en fan boer.

Eangst op alf gesichten,
ear en each stiif ticht
foar fjoer dat ynsloech op
de muorre, fierste licht…

… foar ’t geweld dat rekke
bern noch master doe
yn ’t Heidenskipster gea,
mar freegje har net hoe…

… kinne jim wer brekke
út ferline tiid,
de ban fan flits en klap,
nei wat it hjoed jim biedt.

Image

Klean en pream dy hâlde
noch it âlde fêst,
mar ’t needwaar sakket ôf,
de jûntiid bringt de rêst.

Famkes dûnsje ’t âlde
sûpengroattenbrij
op ’t foardek fan de pream,
mar by de tiid is hy.

Image

Jan fertelt oer rollen
dy’t er spile hat,
syn grutte libbensdream
dêr’t hy al lang by swart.

Soed er libje wolle
syn beskieden rol
yn ’t lân fan ieuwen lyn,
hy hold it net lang fol.

Mar de santjin stikken
fan syn sterk ferhaal
ferwurket er ta ien:
syn libbensideaal.

Achter santjin hikken
fan twatûzenseis
sjocht ’t Heidenskipster bern
de takomst as syn reis.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum