Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Atalanta-beam

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hoefolle jierren al de beam dêr stiet,
solistysk op it neakenstrân,
heal bleat fan blêd, mei skeinde stam dy’t spriedt
de tûken as in skreau omheech,
ferwaaiend op ‘e wyn dy’t, frjemd genôch,
de skreau fan ’t hout sels kreakje liet,
wa wit hoe lang, hoe dreech en steech
de beam de kroan omheech hân hat?

De atalanta net, dy’t ûnderoan
in gat fûn hat, in holte yn de bast,
de bleate delgong fan de stam, al hast
ferstoarn, mar foar de flinter skoan
te brûken by de delgong fan syn flecht,
dy’t sirkelet om it gat, syn goadetroan.

Watfoar mystearje leit sa lang bestoarn
yn bleate bast op ’t neakenstrân,
dêr’t atalanta fier syn wjukken spriedt
as hied er hjir syn berte hân,
en teart se kleurleas op, yn bast ferstoarn,
syn lêste libbensoere foar it gat,
dat him in passend grêf oanbiedt,
nei koart bestean syn libbenslot.

Image

 

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum