Willem Tjerkstra’s thússide
admin

As mem

Lyrysk Deiboek

Oerein, de kop omheech,
de linkerpoat derby,
foar eagen komt de driging,
dy is foar har net nij,
as mem hat sy it dreech.

Men wurdt fan ’t minskfolk kjel,
foaral mei trije bern,
it is net om te ligen,
in mem moat alles sjen,
sy jouwe har wol del.

Hy dûkt gau fuort yn ’t grien,
fertrout gjin mem en mins,
sy hat him hjoed ferstjitten,
as puber oer de grins,
mear hat er noch net dien.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum