Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Treinen op stoom

Keunst
PDF Print E-mail
fan Claude Monet*

Image

De werklikheid fan oardelieu ferlyn
waard romantyk mei ferve en pinsiel:
it stielen hoars, net wurch fan op ‘e rin,
blaast wrinzgjend dampen út ‘e kiel,
dy’t mei ferwaaie op ‘e koele wyn.

De skôger freget oan de keunstner: ‘Wêr
spoart werklikheid mei wat it byld my jout?’
It antwurd streket rails en dak: ‘Sjedêr
gare Saint-Lazare, dat myn ympresje bout.’

Image

Wannear’t ferbylding bringt de skiednis op
it doek fan út ‘e fierte en tichtby,
feroaret it stasjon fan stoomstêd Snits:
de stielen hoarsen fjouwerje oan kop,
de giele Waadtrein dinderet foarby.

Gjin skilder lykwols smyt de koal op ’t fjoer
en skôgers smarre net in stang of tsjil;
de werklikheid nimt it ferline oer
mei smoarge hannen en in sterke wil.

Image

* In skilderij fan Claude Monet (1840-1926) hat
de oanlieding west ta de term ‘Ympresjonisme’.
Dy namme wie earst in skeldwurd, mar waard letter
de oantsjutting fan in streaming yn de Frânske
skilderkeunst.
Monet hat in hiele rige skilderijen makke
fan it stasjon Saint-Lazare.


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum