Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stjoerleas

Keunst

fan Peter J. Sterkenburg*

As útropteken op ’e hichte
stie de toer yn waar en wyn,
syn skynsel skeat de fierte yn,
oan skip en folk ferplichte.

De trijemêster op ’e weagen
brûsde stjoerleas nei de toer,
it skipsfolk seach de brâning oer
en kriich de ramp foar eagen.

De seilen sloegen út ’e liken,
skuorden mei de ra en mêst,
it anker socht noch om hâldfêst,
mar fûn it net die bliken.

It skipsfolk kaam yn see telâne,
preau fan sâlt en drinkeldea,
it needlot raasde oer it gea:
‘In trijemêster strânet!’

* Peter J. Sterkenburg (1955-2000)
Skilderij ‘Skip yn need’

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum