Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mytysk stee

Keunst

fan William Turner*



De sinne seach ik rizen
achter iuwenâlde stiennen wei,
it ljocht spriek fan in moaie dei
om my in prachtich paad te wizen.

It hat my ynspirearre
ta mei beide eagen wiid te sjen
as seach ik foar it earst… as bern
foar wa’t op wei noch neat mislearre.

Ik ha my earst ferbylde
harten yn it wetter, foar my nij,
mar ’t wiene deagewoane kij,
dochs wie ’t as sy de wrâld besielen.

De iuwenâlde stiennen
op ’e achtergrûn en libben fee
ferhelje fan in mytysk stee,
oergetten troch de moarntiidssinne.

* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Norham Castle, opkomst fan de sinne’

Related Posts

Archief

Categorieën

Zoeken

  • Categorie

  • Datum