Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Libbensbylden

Keunst

fan Auguste Oleffe*


De wolken hâlde ’t skynsel tsjin
en sille gau fan kleur fersjitte,
want de dei lûkt nei de jûn,
sa is no ienkear it ferrin
fan dagen mei ’t berûne swurk,
dêr’t âlde fiskers noch mei sitte.

Hy sit rjochtop en skôget fier,
noch fierder as de skiere kimen,
dêr’t it byld fan earder riist
fan fiskers moarns al ier yn ’t spier:
it heljen wie syn deistich wurk,
foar him mei ’t jeiend swurk te rimen.

Sy hat al mannich stoarm trochstien
wannear’t de weagen him besprongen,
har benearen yn de jûn;
de eagen binne faak tichtdien,
har bea gie troch it grauwe swurk…
nêst him heart sy de ingels sjongen.

* Auguste Oleffe (1867-1931)
Skilderij ‘Libbensjûn’

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum