Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Homerus diktearret

Keunst

fan Rembrandt*

De stôk is foar de linkerhân
as steun om ’t rjochte paad te finen,
want de eachopslach is leech;
sa giet er op ’e taast syn wei
en lit it ljocht foar ’t minskdom skine.

Syn rjochterhân helpt om de klam
al sprekkend op it wurd te lizzen
dat derút springt, like heech
en fier as Odysseus op wei
nei Penelope om te sizzen:

‘Ik bin der wer, dyn rjochterhân
dy’t salang oer de ierde swalke,
iepen hie ik ear en each,
it gie der somtiids rûch omwei,
it kolke ûnder tongerwolken.’

De mûle streamt fan wurden oer,
de dichter wol de floed net keare,
sin nei sin as weach nei weach,
de skriuwer kin der net foarwei,
Homerus krijt lykwols de eare.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Homerus’
 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum