Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De gitaarspiler

Keunst
PDF Print E-mail
fan Edouard Manet*

Image

Ik bin mar simpel as model
en ha gjin snaar bespile,
mar Manet hat my besiele
mei de kleur fan ’t Spaanske fel.

Ik die it mei de linkerhân,
dat wie foar my ûnhandich,
lang sabeare spyljen bannich,
fan it doek ha ‘k gjin ferstân.

De krûk liet ik dêr sa net stean,
dy brûkte ik as boarne,
song as ’t kraaien fan in hoanne,
ha Manet de kleuren bean.

De sipels ha ik iepensnien
foar ’t rinnen fan de triennen,
as emoasjes der net binne,
jou ik noch myn lêste trien.

Doe seach ik Lola de Valence,
de Spaanske ballerina;
nei de sipels en de vino,
wiene snaar en stim myn kâns.

Image

* Edouard Manet (1832-1883), in Frânske skilder,
wie de skeakel tusken ympressionisme en realisme.
Hoewol op it skilderij ‘De gitaarspiler’ (1860)
it linkshandige model in gitaar foar rjochtshandigen
‘bespilet’, waard it doek op de Salon fan 1861
bekroane mei in priis.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum