Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De berte

Keunst
PDF Print E-mail
fan Peter Paul Rubens*

Image

De achtergrûn is kâld en tsjuster,
plak fan hoeders sûnder fjoer,
sy jouwe foar de tiid gjin moer
en libje noch yn ’t lân fan juster.

De loft is ticht, want swier bewolke,
fûgels fine dêr gjin plak,
ha oan de konkurrinsje lak,
de himel is noch tin befolke.

Sa’t doarp en stêd yn ’t tsjuster weidûkt
binne yn in djippe sliep,
heart nimmen ’t blêtsjen fan in skiep,
gjin inkel lûd dat nei de dei lûkt.

Mar dan, in frou fan ’t doarp, al beppe,
skrillet fan in blêtsjen op,
jout antwurd op in fiere rop,
sil mei de oar de wrâld werskeppe.

En yn de stêd stiet hy te roken,
om’t it yn de kroech net mei;
op ’t lûd fan ’t rûzjen giet er nei
it fjild dêr’t hoeders fjurkestoke.

Dêr leit it dan ljocht út te strielen
op it strie as wie ’t in stjer
foar dy’t der binne, allegear,
sels hoeders wurde bernbesiele.

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
wurdt wol de master fan de
Flaamske Barok neamd.
Wat Rembrandt wie foar Hollân,
betsjutte Rubens foar Flaanderen.

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum