Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Draaiende wyn

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1964

Starum, stêd fan see en skippen,
striid fan wat it winne soe,
soms stie it wetter oan de lippen,
dat gjin skip dêr farre koe.

Image

Lêste tiisdei fan de moanne
teagen kloften nei de mar,
it ôfstel kaam út Starums boarne
sels, der wie gjin oare kar.

Fragen wiene der te folle:
‘Wêrom sile jimme net?’
De skipper moast nei ’t antwurd dolle:
‘Sûnder wyn wurdt it te let.’

Image

Skippers namen doe in slokje,
ien kaam op in goed idee:
‘Wy sile inkeld op it fokje
nei De Fluezen, net op see!’

Starums warbere kommisje
naam ’t reservedeibeslút:
De Fluezen soe foar Starum risse,
dat wie dat en dêrmei út!

Lykwols trije oeren letter
draaide de kommisjewyn:
‘Der wurdt moarn syld op Starums wetter,
want der hoecht gjin reefke yn!’

Image

admin

Karkeleaze gatsjepanne

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1964

De skûtsjestriid begûn yn ’t winterskoft
mei koppen yn de revolúsjesfear:
de langte koe gjin grinzen mear,
de Snitser wein foel út ‘e loft.

Image

It Heale Moantsje seagen se dwerstroch,
de earste operaasje yn syn soart:
twa meter langer nei de moard,
sjedêr, de moanne skynde noch.

Image

De Snitsers kamen mei it weinidee,
in kabelkarke spoarend yn it rom,
dan sloech de Panne nea wer om
en wie gjin weach te heech op see.

Image

De Lemster see lykwols wie raar oerstjoer
doe’t alle skûtsjes brûsden nei de start;
wat sûnder karke ek wol bart:
in klap en sjoch, foar Snits wie’t oer.

Image

It eigen wetter skreaude om revâns,
mar healwei foel de poarte op it dek,
dêr foer de gatsjepanne, lek
en karkeleas, gjin lêste kâns.

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum