Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Telle by Starum

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1970

Wie de teller fan de tel
of hie de sjitter net de mjitte?
Starum starte tsien te let,
de skippers holden al wat del,
wa soe it no noch witte?
Elk betocht syn eigen wet.

Image

Loadewyk* syn wet wie wis
foar skippersfolk noch leek te snappen:
folle letter as it skot
oer stjoerboard starte, ’t like mis,
mar hy soe trettjin flappe
as de wet fan stadich-flot.

Telle foar it klassemint
gie folle better as it sjitten,
Loadewyk stie boppe-oan:
‘Wannear’t it fierder ek goed rint,
dan sil hiel Fryslân witte,
Huzum telt op hege toan.’

Image

* Loadewyk Meeter

admin

Start fan Langwar

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1970

Image

Se stoarmje oan mei slaande fokken,
heech ‘Doarp Huzum’, leech de swan
en op ‘e foargrûn is it gokke:
lizzen bliuwe of… wat seist derfan?

Image

De rûnfeartboat mei Fryske flagge
leit mei ’t folk op daaldersk plak;
is ’t SWH oer stjoerboard slagge
of komt bakboard him noch op it dak?

Image

It boatsjefolk is út ‘e skroeven
dat de wite fljocht foarlâns,
mar sjocht de bakboardskûtsjes loeven,
heart it fleanend flokken yn kadâns.

Image

Wannear’t de skippen stjoerleas doarmje,
rekket ’t boatfolk yn panyk,
de motors oan en as soe ’t stoarmje,
brûst it streekrjocht nei it wâlpublyk.

Image

Twa skûtsjes binne ’t paad noch bjuster,
’t raamgefaar komt fan Langwar,
it brune túch betsjut it tsjuster
foar it hingjend rûnfeartfolk yn ’t far.

Image

Mar krekt op tiid kin ’t skûtsje draaie
mei in boom as twadde roer,
fan start nei finish klinkt it kleien
fan de swan de hiele Wiellen oer.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum