Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Skippers en seksshops

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1971

‘Heil om seil’ sa soe it hjitte,
want wie Hylkes* boek
foar skûtsjeskippers net ta heil?
Sy woene it wol witte litte
dat it taande seil
foar harren stie foar hillich doek.

Image

As de loften stiennen reine,
giet it derom wei,
dat bloed spat út ‘e neil,
want dizze slane grif gjin seine
yn it taande seil,
mar earder flokt it lang noch nei.

‘Met de kloten voor het blok’ sa
hiet ek Hylkes boek
yn seksshops, want it klonk as geil,
mar ’t skippersfolk stie foar it blok, sa
lullich foar it seil
as waard ûnthillige it doek.

* Hylke Speerstra


admin

Fletsjes en skûtsjes

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1970

Image

Se woene foar de float net ûnderdwaan,
en diene yn it lyts de grutten nei,
it seil yn ’t wyt of yn de taan,
it gie der like fûl om wei,
mar doe’t de earste oer de finish foer,
die bliken dat der wie in lûd ferskil,
it sjitten waard in hiele toer,
’t patroantsje miste, dus bleau ’t stil.

Image

Der miste op De Lemmer mear dy dei,
by Ulbe* stie gjin teken yn it seil,
de griene dy’t earst achter lei,
soe foar gjin skûtsje ûnderdwaan,
mar Loadewyk, yn ’t draaien net op tiid,
wie mis en op ien skot nei kampioen,
hy naam ‘Doarp Huzum’ út ‘e striid
en is mei ’t skûtsje fierder rûn.

Image

* Ulbe Zwaga
** Loadewyk Meeter

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum