Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen 2018 category

admin

Tusken drippen troch

Skûtsjesilen 2018

It dizet tusken drippen troch,
’t publyk by Ealahuzen op ’e dyk
hat ier in gaadlik plak besetten,
sadat gjin omslach ’t each ûntgiet,
want kreaket gaffel, mêst of gyk,
dan wurdt it finishskot net sketten.

Mar foar de finish komt de start,
dy’t om it driigjend swurk lang útsteld wurdt;
it wachtsjend folk lit him net kenne,
sjocht tusken drippen troch nei ’t wiet,
dat skomjend weaget sûnder swurd
of roer, hiel oars as by Terherne.

Dan klinkt in skot en giet it oan,
de skûtsjes litte har op ’t wetter sjen,
it folk draait tagelyk de hollen
fan seil nei seil, hoe’t dat krekt stiet,
want sûnder reef is ’t skip ferlern,
in fûle twirre is tefolle.

De skûtsjes brûze út ’e start
wei, bak of stjoer, it giet der rûch om wei,
It Fean en Huzum litte witte
dat H en LM sjonge ’t liet
fan ‘Mei dit waar is ’t krekt ús dei,
dus litte wy gjin twirre sjitte!’

admin

Dolce Vita

Skûtsjesilen 2018

Dolce Vita,
dêr leit it, wyt it skip en swart de mêst,
it swiete libben, sa’t it hjit,
de seilen strike foar de rêst,
mar wa giet dêryn mei?
It Snitsfolk dûnset him yn ’t swit…
it is hjoed Hurdsyldei!

Dolce Vita,
it leit net foar de hân, it swiete spul
wurdt spile wylst men noflik sit,
mar ’t skipsfolk fynt it flauwe kul,
docht oan de wedstriid mei,
it dek wurd wiet fan wetter… swit…
it is Terhernedei!

Dolce Vita?
It wie hjoed Hurdsyl- en Terhernedei,
it gie mei ’t silen dûbelop,
it draaiboek wiisde elk de wei,
fan ier oant let rûn ’t bêst,
de flaggen klapten yn de top…
de ein wie swiete rêst.

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum