Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen 2018 category

admin

Kleurige takomst

Skûtsjesilen 2018

Kleurige takomst

Men kin it libben swart-wyt sjen,
foar harren is it hjoed noch grien,
de takomst laket jonges ta
dy’t skipper wurde wolle,
pearse weagen, blau de loft;
sy ha dêr net sa lang mear stien,
har slepe litte woene se net ha.

In sleepstart op ’e ynheldei
soe earlik wêze, lykwicht jaan
oan Earnewâld, start fan de wâl,
mar soe de wyn dat wolle?
Heech de weagen, wyld de loft,
dus wie it slepend net te dwaan,
it like mei in frije start ek mâl.

De jonges wiene fierder rûn
en op ’e skeante sitten gien
mei útsicht oer de hiele mar,
dêr’t skûtsjes fierder wiene
as de weagen, pears en wyt,
dy’t rôlen nei it ploechje grien…
wat sy foar eagen hiene boeide har.

admin

Eleminten by Wâldsein

Skûtsjesilen 2018

Hast like heech as ’t Hearrenfean
hat ‘Earste Help’ it seiltsje hise
mei it each op driigjend ûngemak
fanwege ’t donkerblauwe swurk,
noch stiet it wâlpublyk yn tinne klean.

De loft set ticht, de bliksem flitst,
de tonger rôlet oer de weagen,
twirren jeie yn it romme rak
de skûtsjes op, it swiere wurk
komt oan de wyn, der klinkt: ‘Dit is ’t!’

Dit is sa’t Fryslân ’t hawwe wol:
de skûtsjes mei de eleminten
stridend tsjininoar om ’t earste plak;
de liuw rint hurd, de earn* fjlocht mei,
dy faasje hâldt gjin oare fol.

De ‘Earste Help’ helpt hjoed gjinien,
jout oan ’t publyk allinnich hinten:
reinpak oan en papraplu as dak.

* Earnewâld

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum