Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen 2017 category

admin

Koppen by Wâldsein

Skûtsjesilen 2017

It is gjin fûgel sûnder kop,
de miuw as hearsker fan de mar
by Heech, hy nimt in peal foar kar
en knapt him efkes op.

Men kin net mei in skeane fear
dêr sitte foar in grut publyk,
dat by Wâldsein stiet op ’e dyk
en sjocht… wa is der mear?

O ja, de skûtsjes fan de float,
no tolve, fjirtjin sûnder twa,
dy’t op ’t bestjoer de smoar yn ha,
se slute gjin akkoart.

O nee, se ha gjin stive kop,
ek sûnder dogge se it net,
’t giet inkeld om dy stive wet
en om it hege krop.

Sjedêr, se brûze derop ta,
de stielen koppen fan de float
mei koppen, hurd as stiel, oan board,
dus in protest, no sa!

It is in fûgel mei in kop,
de miuw sjocht skerp de griene oan,
as hearsker sit er op ’e troan:
‘De Pan knapt it ek op!’

admin

Nei blakte seilen bak

Skûtsjesilen 2017

De loft hat skaden strutsen
oer de mar, as spegel suver flak,
de reiden heine noch in twirke,
de Fluezen suchtet: ‘It is blak,
ha skippers har konklúzje lutsen?’

De seilen binne strutsen
by de startboat, boppe ’t stille reid,
noch fjouwer hoopje op in twirke;
wat ek de loft der no fan seit,
sy ha noch gjin konklúzje lutsen.

De reiden ha fernommen
dat in suchtsje oer har hinnestrykt,
noch foar it brekken fan de spegel;
wannear’t de blakte einlings wykt,
is de konklúzje: lit mar komme!

Fiel hoe’t de spanning brutsen
is, acht skippen ha de seilen bak.

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum