Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Swije

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Lit ús harkje nei de komposysje
fan John Cage mei stilte en muzyk,
lit de piano earst mar swije
twahûnderttrijensantich tellen lang
om oan de berteskreau te wijen.

Yn de stilte klinkt de skreau noch lûder
as it blêtsjen fan de keppel skiep
op Betlehems ferlitten fjilden,
de nachtlik neare oeren duorje lang,
om’t dy fan ingels net optilden.

Alle ingels ha ferlein de rûte
nei it fjild fan Gaza, dêr’t de bern
fan klearebare wanhoop skreauwe,
want bommen falle op har fjild al lang…
it is fan ’t godsfolk net te leauwen.

Lit ús diskear net fan frede sjonge,
elke toan wurdt troch in knal oerstimd,
de ingels boppe Gaza swije
twahûnderttrijensantich tellen lang…
it godsfolk lit sels bern lang lije.

Sels it godsbern leit stil yn de krêbe,
harket nei de stilte yn it fjild
dêr’t net ien skiep fan bangens lûd jout:
sântûzen berntsjes in memoriam…
sjedêr ien bern dat noch wat moed jout.

* Yllustraasje ‘Ingels boppe Gaza’

admin

Ynsektebom

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Hy wie in slimme militêr
dy’t oarloch fierde op twa fronten
yn in hjitte regio:
tsjin Japanners en ynsekten…
sa fertsjinne hy in ekstra stjer.

De bom kaam fluitsjend, flitsend del
en deade boargers en soldaten
yn in fiere regio:
Hiroshima, Nagasaki,
foar Pearl Harbor wie it earst in hel.

It twadde front wie lang en breed
en heech, in oanfal net te kearen
yn de hiele regio
fan ynsekten mei it wapen
fan malaria, in duorjend leed.

Hy wie in slimme militêr
dy’t ek ferstân hie fan ynsekten,
’t resultearre yn in bom
dy’t de regio bespuite
mei de fiere kriichsrop: ‘Fijân, stjer!’

* Foto ‘W.N. Sullivan’
** Foto ‘Ynsektebom’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum