Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Ribben telle

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Hoefolle mûlen hawwe iten
troch de dagen hinne, jierren lang,
gjin tút kaam op it bernewang,
se moasten yn in woartel bite.

Hoefolle hantsjes hawwe wrotten
foar’t de woartels kamen út ’e grûn;
wat’t bûten wurke, libbe sûn,
waard sein, mar hie wol wurge fuotten.

bernewurk-3

Hoefolle oeren lieten bazen
wurkje yn de myn of it fabryk
oant berntsjes eagen as in lyk,
in misstân om it út te razen.

Hoefolle jierren moast it duorje
foar’t Van Houten** skreau in bernewet,
it bern waard yn de romte set…
it mocht noch wol de dieren fuorje.

Hoefolle ha it net belibbe
dat de skoalle waard it berneplak
om ta te rieden op in fak,
sy telden inkeld mar de ribben.

* Foto ‘Jonges yn in tekstylfabryk’

** Minister Van Houten tsjinne
yn 1874 de wet op it bernewurk yn

admin

Yn de nacht begjinne

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

bernewurk-1

De mûle stiet wiid iepen,
de noas snúft elkenien deryn,
de eagen easkje berntsjes op
en achter harren knalt de swipe…
’t is út mei wyn en sinneskyn,
de lege mage gunt gjinien it sliepen.

Al yn de nacht begjinne,
heal yn de sûs nêst heit en broer,
it hantsje yn de grutte hân,
ferkâlden, juster is it skipe,
mar mem sei: ‘Moarn is ’t wol wer oer,
de moatst lykop mei al dy oaren rinne.’

De hiele dei itselde,
de hannen dogge no al sear,
de moarn is noch mar krekt begûn,
de baas spat fjoer en smookt in pipe,
de eagen prykje, ’t wol net mear…
wat wie it hast ek wer wat mem fertelde?

Ik moast mei oaren rinne,
lykop, dan wurd ik ek sa grut,
in brede mûle, platte noas,
de eagen ticht om lang te sliepen…
dy eagen, sa’t it letter wurdt?
Sjedêr, ik stean by oaren, sa’t wy binne.

bernewurk-2

* Cartoon ‘Berneslaven’

** Foto ‘Jonges nei it wurk’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum