Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Botsing fan streamen

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Troch âlde tiden hinne
streamden foarmen fan kultuer
troch Rome, stêd dy’t stiet model
foar keunst fan lange duer,
ek hjoed de dei yn tel,
sa’n stream sil nea ferrinne.

Troch alle tiden hinne
streamde wetter troch de stêd:
de Tiber as in godsrivier
rûn stadich yn it bêd,
ek rap as ’t wylde dier
om sa in proai te winnen.

Wol fyftjin meter heger
hat it wetter ien kear stien,
in ramp, dêr kaam it doe op del;
it bist friet oan de stien,
de tosken yn it fel
fan ’t kulturele leger.

Sjedêr ’t Romeinske Foarum
mei it wetter oan de foet,
twa streamen botsten opinoar,
in tredde stream fan bloed
brocht Rome yn de war,
de stêd ferlear dekoarum.

Foto ‘Oerstreaming fan it Foarum yn 1900’

admin

Ekspo Parys 1900

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan Auguste Rodin**

Parys hie al syn Eiffeltoer,
dy’t útseach oer de hiele stêd,
mar amper fierder, mannichfâld
klonk yn de heechste rûnten:
‘Lit Parys mar sjen oan hiel de wrâld.’

Parys kriich dus in wrâldekspo,
dêr’t alle lannen joegen sicht
op hichtebou fan eigen grûn
en heech nivo, in bûnte
wrâld dêr’t elkenien syn draai yn fûn.

It earste metrospoar wie net yn sicht,
mar joech wol faasje oan technyk,
al moast de tinker djipper gean
as earder sljochtwei hinne…
reizgers wiene wol de wrâld te ryk.

De keunst kriich yn Parys ek syn gerak
mei ’t paviljoen fan in Rodin,
syn tinker wie in moai model
om noch in wrâld te winnen
yn de takomst, djipper gean hie sin.

Digital StillCamera

* Ofbylding út ‘De Hollandsche Lelie’

** Auguste Rodin (1840-1917)
Byld ‘De tinker’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum