Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Moard op in presidint

Skiednisbylden

fan ûnbekend*



De sinne sjocht net folle nijs
op ierde, sels net yn Amearika,
McKinley woe it measte ha
en Leons brein wie fier op reis.

McKinley wie as presidint
út op in grut ympearium, syn wrâld
fan macht, hy waard lykwols net âld,
mar troch twa skotten wol bekend.

Troch Leon, Poal en ymmigrant,
dy’t skeat, kaam hiel Amearika yn shock,
de frjemdling waard foar ’t lân in flok,
de grinzen doogden fan ien kant.

De presidint wie noch net dea,
mar kâldfjoer taaste oan it waarme fjoer,
hy joech dêrom syn machtspul oer,
de sinne taaste ôf it gea…

* Skilderij ‘Portret fan presidint William McKinley’

 

admin

Keninginne Victoria

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**



Victoria, de froulike fiktoarje,
keninginne fan it Britske ryk
oer alle parten fan de wrâld…
wa wie oan dizze frou gelyk,
koe ien har noch feroarje?

Sy waard net yn de keningswidze berne,
bleau allinnich, wie as iennichst bern
wol foarbestimd foar troan en kroan;
oan njoggen bern wie ’t wol te sjen,
sy liet har, iennichst bern, net kenne.

Har bern en bernsbern liet sy rûnom trouwe,
dat sy waard Europa’s beppe neamd
en keninginne fan de wrâld,
it Britske bloed hat oeral streamd
wêr’t hannen kamen út ’e mouwen.

Foarútgong wie it biedwurd yn har jierren,
ûnder stroom kaam ’t wurk yn elk fabryk,
fiktoarje fluite ek de trein,
mar wa’t doe earm wie, waard net ryk,
Victoria seach dat fan fierren.

Nei trijensechtich jier as keninginne
fan it Britske ryk en ek de wrâld,
liet sy matroazen nêst har rinne.

* Foto ‘Keninginne Victoria’

** Foto ‘Begraffenis fan keninginne Victoria’ (1901)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum