Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Earste motorflecht

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**



De bruorren Wright, as fytsemakkers
hiene sy in goed bestean,
dochs woene sy leafst hegerop
lykas in hauk en oars in earn.

By Kitty Hawk koe dat wol wêze,
want dêr wie genôch termyk
foar ’t sweven sûnder tuskenstop,
se fielden har in hauk allyk.

Mei motor waard it tastel swierder,
mar technyk joech kop en hân
de krekte rjochting nei de top,
doe stie de ‘Flyer’ op it lân.

It tastel fytste ears mei faasje,
rekke doe los fan de grûn,
mar kaam net folle hegerop,
de hauk hie ’t fan de ‘Flyer’ wûn.



* Foto ‘Bruorren Wriht op ’e fleanmasine’
** Foto ‘De Flyer’

admin

Suffragettes

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

De muorren holden froulju tsjin,
har stim bleau binnendoar,
wat yn it ramt fan manlju siet,
it joech hâldfêst, ’t gesin syn sin,
dêr wiene memmen foar.

Mem Pankhurst joech in sterker lûd
dat troch de muorren krong
en op ’e wei te hearren wie:
‘Yn aksje, froulju, ha de moed
en jou ús rjochten gong!’

Mei keattings klikten se har fêst
as teken fan har plak
oant doe ta yn de maatskippij,
de manlju seagen dat as lêst,
wat útkaam yn de bak.

Gjinien bleau yn de finzenis,
de frou kriich ’t rjocht fan stim,
de dochter sels in holledak;
de frou wie fan har plak wol wis:
gelyk oan dat fan him.

* Foto ‘Dochter Christabel Pankhurst’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum